Marssumer grienteboer ticht

30 des 2002 - 00:00

Marssum is wer in winkel earmer. Nei de kapper, de bank, it postkantoar en de supermerk, sleat moandei de grienteboer de doarren. Grienteman Sybesma moat fanwege syn sûnens ophâlde mei de saak.

It is Sybesma net yn slagge ien te finen dy't de saak oernimme wol. Strange regels en lange wurktiden meitsje it wurk der net oantrekliker op. Doarpsbelang Marssum wol noch besykje in ridende grientewein nei it doarp te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)