Rentree dammer Bergsma (75)

© Omrop Fryslân
It Fryske dambûn fiert fan 7 oant 10 jannewaris it 75-jierrich bestean mei in spesjaal toernoai. Njonken toppers fan no, lykas Guntis Valneris út Letlân, steane ek acht Fryske âld-kampioenen op de dielnimmerslist. De opmerklikste dielnimmer is Piter Bergsma (75) fan Terwispel.
Bergsma waard tusken 1948 en 1984 14 kear Frysk kampioen. Hy spile yn 1991 syn lêste offisjele wedstriid, mar hy makket graach gebrûk fan 'e útnoeging.