Nij smookbelied boaten Doeksen
Rederij Doeksen past syn smookbelied foar de fearboaten nei Skylge en Flylân oan. Mei yngong fan it nije jier mei der op de boat nei Flylân allinnich noch op it bûtendek in sigaret opstutsen wurde.
Op de boat nei Skylge mei dat noch op it bûtendek en yn de bar. Doeksen folget dêrmei it lanlik belied, dat it smoken op hieltyd mear plakken ferbiedt.