Flinke groei Waadferiening

30 des 2002 - 00:00

De Waadferiening hat der dit jier 500 leden by krigen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it VARA-programma Vroege Vogels. De feriening stiet mei hast 52.000 leden op it njoggende plak yn de top 100 fan natuer- en miljeu-organisaasjes.

Tsiende stiet seehûnekresj Pieterburen. Dy ferlear hast 650 leden. Op it 20ste plak fine we it BFVW en 23ste stiet It Fryske Gea. Oer it generaal groeiden de natuerorganisaasjes dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)