Sinese spits nei SC Heerenveen?
SC Heerenveen hat belangstelling foar de Sinese spits Ke Bo. In delegaasje fan de Feanster fuotbalkub hat him sneon spyljen sjoen doe't er yn Spanje wie. Dêr hie it Sinese nasjonale alvetal in oefenwedstriid.
Der is in kâns dat Ke Bo foar in staazje nei It Hearrenfean komt. Der is lykwols noch gjin dúdlikheid oer.