'AnCopriis' nei Pieter de Groot

© Omrop Fryslân
Pieter de Groot fan de Ljouwerter Krante krijt de AnCopriis útrikt. De priis foar 'Fryske kultuergiganten' is betocht troch de Fryske dichters Anne Feddema en Cornelis van der Wal. Se fine dat De Groot de priis ha moat foar syn 'treflike dwerse stikjes yn de LC.'
Hy krijt syn priis, in gehakbal en in glês bier, yn jannewaris. Ek meitsje Feddema en Van der Wal in keunstwurk en in fers foar him. Eardere winners wiene de makkers fan it blêd Kistwurk.