Hyt op jild...

29 des 2002 - 00:00

Tûzenen nep-eurobiljetten ha sneon foar grutte gaos soarge yn Amsterdam. Omstanners treaunen de biljetten begearich yn de bûse. De plysje moast derby komme om de minsken tsjin te hâlden. It is net slagge om al it jild yn beslach te nimmen. De plysje ropt op ekstra wach te wêzen mei it oannimmen fan eurobiljetten.

De biljetten wienen op strjitte struid troch filmmakkers dy't dwaande wienen in reklamespot op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)