Cramer docht it goed yn Thialf

29 des 2002 - 00:00

Wieteke Cramer fan De Lemmer wie sneon twad op de 500 en 1000 meter sprint op It Hearrenfean. Yn Thialf binne dit wykein de seleksjewedstriden foar it WK sprint. Nei twa ôfstannen liedt Cramer it klassemint. Annemarie Thomas wûn de 500 meter, mar luts har werom foar de 1000 meter fanwegen in ljiskblessuere.

By de mannen die Jacques de Koning it hiel goed. De DSB-rider wûn de 500 en de 1000 meter. Dêrmei liket syn kâns op in ticket nei it WK sprint goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)