Kultuerpriis foar Doeleman

© Omrop Fryslân
Henk Doeleman fan Aldemardum hat sneon yn Balk de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat krigen. De priis is bedoeld foar ynwenners fan de gemeente dy't har ynset ha foar it ûntwikkeljen en yn stân hâlden fan de kultuer.
Doeleman hâldt him dwaande mei de skiednis fan Aldemardum en hat dêr ek boeken oer skreaun. Hy is op it stuit dwaande mei in boek oer monumintale pleatsen yn de gemeente Gaasterlân-Sleat.