Skerpenzeelse yn finale Idols

28 des 2002 - 00:00

Dewi Pechler fan Skerpenzeel hat freed de finale helle fan de tv-talintejacht Idols. Yn dat programma stride sjongtalinten om in platekontrakt.

It publyk fûn de 19-jierrige Pechler de bêste fan de tsien kandidaten dy't freed strieden om in plakje yn de finale. De tillevyzjesjoggers koene mei de tillefoan op har favoryt stimme. Ek de sjuery fûn Pechler de bêste kandidaat. De úteinlike winner is yn maart bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)