Woudagemaal wer yn wurking

© Omrop Fryslân
It Wetterskip Fryslân hat sneon it Woudagemaal op 'e Lemmer wer yn wurking set. De wetterstân is trettjin sentimeter heger as winske en it wetterskip ferwachtet de kommende dagen noch mear wetter.
It is mear as in jier lyn dat it Woudagemaal byspringe moast. Snein kinne minsken by it gemaal sjen hoe it wurket. It Woudagemaal is it grutste noch wurkjende stoomgemaal yn de wrâld.