Ljocht yn It Bilt in súkses

© Omrop Fryslân
Tûzenen minsken ha freed in tocht makke by ferljochte pleatsen lâns. It wie de earste jûn fan it evenemint Lucht, ljocht en lân. Dêrby wurde monumintale pleatsen yn it ljocht set.
Sa'n sânhûndert auto's rieden freedtejûn by de gebouwen lâns, soms yn kolonne. Ek fjouwer bussen mei âlderein leinen de rûte ôf. Moandei is de ferljochte tocht foar it lêst te riden. Dan rydt der in konvoai fan truckers mei, mei handikapten as passazjiers.