Te min hierhuzen beskikber

27 des 2002 - 00:00

Organisaasjes dy't minsken yn krisissituaasjes opfange, komme yn de problemen om't der hieltyd minder goedkeape hierwenten beskikber binne. De minsken moatte dan langer yn de opfang bliuwe en dêrtroch is foar nije kliïnten faak gjin plak.

Yn Ljouwert hat it 'Blijf van m'n Lijf Huis' der ek lêst fan. It fangt froulju en har bern op dy't fanwege geweld net mear thús wenje kinne. Benammen grutte gesinnen kinne gjin hierhûs fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)