Help oan Roemenië siket romte

© Omrop Fryslân
De wurkgroep Trynwâlden dy't elk jier in grut helptransport fersoarget nei Roemenië, sit mei de hannen yn it hier. De wurkgroep siket in nije opslachromte om klean en iten yn te sammeljen en klear te meitsjen foar transport.
Oant no ta bart dat yn in romte boppe in winkel yn Oentsjerk, mar de eigner wol dêr apparteminten bouwe. Mocht net gau in oare passende opslachromte fûn wurde, dan betsjut dat de ein fan de Trynwâldster helptransporten.