Brân yn bakkerij Eastermar

27 des 2002 - 00:00

In bakkerij mei wenning oan It Waltsje yn Eastermar rûn Twadde-Krystdei reek- en wetterskea op by in útslaande brân. De 43-jierrige bewenner wie oan it wurk yn de bakkerij doe't in foarbygonger him warskôge dat syn hûs yn 'e brân stie. De man koe syn hûn noch út de wenning helje en warskôge de brânwacht.

De brân is ûntstien troch koartsluting yn de televyzje. De skea wurdt rûsd op in heal miljoen euro. De bakkerij is de earste dagen net te brûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)