Jild piraten foar goed doel

27 des 2002 - 00:00

De yllegale piratestjoerder De Vrije Piraten stjoert op 't heden 24 oeren deis út foar it goeie doel. De opbringst fan dy maratonútstjoering giet nei it Ronald McDonald-hûs dat yn de takomst yn Ljouwert komme sil. Der is al sa'n 900 euro byelkoar sammele.

It is de twadde kear dat de groep út in anonime studio wei foar it goeie doel aktyf is. Ferline jier sammelen se jild yn foar de slachtoffers fan de nijjiersbrân yn Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)