Keunstútlien Hearrenfean slút

© Omrop Fryslân
De keunstútlien fan It Hearrenfean slút de doarren. Om't de gemeente nei takom jier gjin subsydzje mear jaan wol, wol de keunstútlien gjin jild mear oan de kolleksje besteegje. Nije wike is de sluting al in feit. Direkteur Albers fan Museum Willem van Haren is net wiis mei de ferskraling fan it keunstoanbod.
It museum hâlde Twadde Krystdei iepen hûs foar alle 1300 leden. Sintraal stie de eksposysje fan sulverwurk. Hichtepunt is in teepot út de 18e ieu.