Gebou De Terp ferkocht

© Omrop Fryslân
It haadgebou fan stifting De Terp yn Ljouwert is ferkocht oan Corporatieholding Friesland. Neffens direkteur Van Anken smyt de ferkeap en it wer weromhieren fan it gebou alle jierren 20.000 euro op. De Terp fangt yn it gebou oan de Goudenregenstraat al tweintich jier minsken op dy't gjin dak boppe de holle hawwe.
De Corporatieholding hat fierder mei De Terp ôfpraat dat der wenten en oare opfang komme yn de provinsje.