Kanary fan Titus nei museum

© Omrop Fryslân
It Titus Brandsma Museum yn Boalsert is yn it besit kommen fan in kanary, dy't pater Titus Brandsma mear as sechtich jier lyn thús stean hie. It giet om in opsette kanary. De lêste jierren stie it bist by de famylje Galema - De Jong yn Overveen. Die hiene de fûgel krigen fan de sweager fan Titus Brandsma.
Brandsma waard op 26 july 1942 troch de Dútsers fermoarde yn Dachau. Hy wie neist pater ek sjoernalist, fersetsheld heechlearaar en is hillich ferklearre.