Liet 2003 siket nije talinten

25 des 2002 - 00:00

Sjongers en bands kinne har ynskriuwe foar Liet 2003. De trettjinde edysje fan dit Fryske sjongfestival is sneon 17 maaie yn De Harmonie yn Ljouwert. Oant 7 maart kinne lieten ynstjoerd wurde. In saakkundige sjuery beoardielt it wurk en kiest op syn meast tsien nûmers út.

It liet moat oarspronklik wêze en moat live útfierd wurde. It moat yn it Frysk of in streektaal fan Fryslân wêze en it mei net earder te hearren west ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)