Paus ropt op ta frede

© Omrop Fryslân
Paus Johannes Paulus II hat yn syn tradisjonele krystboadskip oproppen net ta te jaan oan wantrouwen, ek al is der driging fan terrorisme. Lieders moatte alles dwaan om foar de frede, sei er.
Tûzen leauwigen harken nei de Paus op it plein foar de Sint-Pieter yn Fatikaanstêd. Lykas altyd spruts er oan de ein it 'urbi et orbi' út, de krystwinsk, yn sechtich talen. It wie de 25e kear dat de 82-jierrige Paus de minsken mei kryst taspruts.