Gjin eigen plak jeugd Baaium

24 des 2002 - 00:00

De jongerein yn Baaium yn de gemeente Littenseradiel sit sûnt moandei sûnder hingkaravan. De karavan is fan de jeugd, mar de frou dêr't de wein by op it hiem stiet is benaud dat der wat mei barre soe mei Ald en Nij. Sy soe de gemeente frege ha de wein fuort te heljen, mar dat ûntkent se sels.

Op it plak komt gjin nije karavan of in jeugdhonk. De jongeren moatte sels ideeën oandrage by de gemeente om wer ûnderdak te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)