Soargen oer kokkelfiskerij

© Omrop Fryslân
De proseduere oer it stopsetten fan de kokkelfiskerij yn beskerme gebieten yn de Waadsee moat mei foarrang behannele wurde. Dat sizze it Fryske Gea en oare natoerorganisaasjes.
De Ried fan Steat hat it kokkelfiskers mooglik makke om dêr te fiskjen. Ek meie se trochfiskje oant febrewaris. De natoerorganisaasjes binne dêr op tsjin. Sy ha der by it ministearje fan LNV op oantrune de fergunning foar it kokkelfiskjen yn te lûken.