Mobyl keunstwurk yn Ljouwert

23 des 2002 - 00:00

De Ljouwerter Vrijheidswyk hat moandei in 'ferpleatsber' keunstwurk krigen. It giet om in mozaykwurk, op de muorren fan it winkelsintrum. Bewenners en skoalbern út de beuert ha it keunstwurk sels makke.

It keunstwurk is ferpleatsber om't it gebou sloopt wurdt. Sa kin it letter noch in oar plakje krije. Op it keunstwurk binne ûnder mear ôfbyldingen te sjen út lannen fan allochtoane buertbewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)