Gastâlden Hongaarske bern frege

© Omrop Fryslân
Stichting Gastouders Hongarije liedt de needklok. It tal minsken dat weesbern út Hongarije opfangt, bliuwt stabyl. Mar de organisaasje hat krekt ferlet fan nije, jonge gesinnen. Fan de 66 Hongaarske bern dy't Nederlân binne, sitte der 48 yn Fryslân.
Doel fan de gastâlden is de Hongaarske bern de waarmte fiele te litten fan in gesinslibben. Mar net alle bern komme yn oanmerking. De resultaten op skoalle moatte goed wêze.