Brân by garaazje Mars oanstutsen

© Omrop Fryslân
De brân by autobedriuw Mars yn Ljouwert begjin dizze moanne, is oanstutsen. Dat komt nei foaren út in ûndersyk fan de plysje. De dieders binne allinnich noch net bekend.
Interseco, it fersekeringsbedriuw fan Mars jout in beleanning oan dyjinge mei de tip dy't liedt nei it spoar fan de dieders. Autobedriuw Mars hannelet yn djoere auto's en kaam earder dit jier yn opspraak omdat sy auto's ferkeapje soene dy't stellen wiene.