Talan hâldt op mei fuotbaljen

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Jeffrey Talan hat in punt achter syn aktive karriêre set. De oanfaller hat al in shiel skoft lêst fan in knibbelblessuere. Hy kaam dêrtroch it ôfrûne jier hast net oan fuotbaljen ta. Yn oerlis mei bestjoer, technyske en medyske stêf fan Hearrenfean hat Talan no besletten syn fuotbalkarriêre te beëinigjen.
Talan spile sân jier by Hearrenfean en 8 kear yn it Nederlânsk alvetal. Talan soe graach as jeugdtrener fierder gean.