Nijpels radiopresintator sport

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels sil nije wike moandei it radioprogramma Langs de Lijn presintearje. Nijpels is ien fan in rige bekende Nederlanners dy't as gastpresintator optrede sil. De kommissaris hat it programma sels gearstald.
Hy praat ûnder oaren mei Foppe de Haan, mei turntalint Berber van der Berg fan It Hearrenfean en mei hurdfytser Jeroen Blijlevens. It programma is moandei tusken tsien en alven jûns op Radio 1.