Feest yn Hylpen rint út 'e hân

22 des 2002 - 00:00

Yn Hylpen wie sneontenacht rúzje nei in feest oan 'e Weidestrjitte. In buorman (65) frege oft it ek wat sêfter koe en soe dêrby in 46-jierrige ynwenster fan Ljouwert slein hawwe.

De freon fan de Ljouwerter frou gie dêrop nei de wente fan 'e buertbewenner om ferhaal te heljen. Dêrby rekke in rútsje fan 'e foardoar stikken en krige de Hylper lêst fan syn hert. De man út Hylpen is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)