Oanridings troch glêdens

© Omrop Fryslân
Glêdens soarge sneintemoarn foar in tsiental oanridings op de Fryske diken. Der binne gjin grutte ûngemakken bard, wol wie der blikskea en reken in pear minsken ferwûne.
Benammen op op- en ôfritten en op lytsere diken wie it glysterich. De glêdens ûntstie trochdat rein op beferzen ûndergrûn falt. Geandewei de middei krûpte de temperatuer op ta 4 graden en ferdwûn de glêdens.