Mercuriusfontein no wer rêstich

21 des 2002 - 00:00

By de Mercuriusfontein yn it sintrum fan Ljouwert bleau it freedtejûn rêstich. De plysje pakte in dei earder sechstjin minsken op. Se hannelen yn drugs of hiene it spul by harren.

De oppakten hearre by in groep dy't geregeld foar oerlêst soarget by de middenstân en it winkeljend publyk op 'e kop fan de Wurdumerdyk. De winkeleigners hawwe net folle lêst hân fan de aksje fan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)