Bêst jier foar Friesland Coberco

© Omrop Fryslân
Friesland Coberbo Dairy Foods ferwachtet oer 2002 in winst fan 82 miljoen euro en dat is wer in pear miljoen mear as oer 2001. Troch de oername fan Nutricia naam de omset mei 9 persint ta oant 4,7 miljard euro.
Troch de moaie sifers giet ek it dividint op 'e sertifikaten fan 'e boeren-oandielhâlders omheech. De winst is neffens wurdfierder Van Dongen fan Friesland Coberco te tankjen oan de 'sterke merken' fan 'e kooperaasje.