Bosk brûkt foar kryststikjes

20 des 2002 - 00:00

Alle jierren wurdt tonnen materiaal stellen út de bosk yn Gaasterlân. Der wurdt mos meinommen, poddestuollen en dinnetûken foar kryststikjes en oare blomstikken. It giet dan om kryststikjes foar thús en om stellerij foar kommersjeel gebrûk, lykas foar de handel of foar kursussen.

Plysje en natuerbeskermers hawwe in spesjale tafersjochrûnte yn it libben roppen om dy handel fan grien út de bosk tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)