Alderlêste wurkdei by SCI

20 des 2002 - 00:00

Freed is de lêste dei dat de wurknimmers fan SCI op It Hearrenfean oan it wurk binne. SCI ferdwynt nei in perioade fan 2,5 jier út It Fean. Op 10 maaie waard it fabryk noch mei in soad opskuor iepene. Sa'n 90 minsken hawwe yntusken in oare baan fûn.

It bedriuw soe in lange perioade yn Fryslân bliuwe. Mar yn de praktyk wurdt it fabryk nei freed al ûntmantele en wurdt de produksje oerbrocht nei lannen mei legere leanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)