Sneon koartebaan yn Nijelamer

© Omrop Fryslân
As it waar it talit is der sneon wer in koartebaanriderij yn Nijelamer yn Weststellingwerf. It giet om in koartebaanriderij foar jonges en famkes oant en mei 14 jier.
De wedstriid is sneontemiddei om 13.30 oere. Opjaan kin oant 12.00 oere op telefoannûmer 0561 - 611813. De wedstriid wurdt organisearre op basis fan 'e waarferwachtings. Dy geane foar it wykein út fan kâlder waar en nachtfroast.