Mishanneling yn Ljouwert

20 des 2002 - 00:00

In 30-jierrige Ljouwerter is tongersdei slim mishannele yn syn wenplak. Plysjes rûnen oer de Wurdumerdyk doe't se geraas hearden. Op strjitte lei it slachtoffer, dy't in skop yn it gesicht krige. Dêrfoar waard er al ferskate kearen yn syn búk en gesicht skopt.

De plysje koe de fertochte, in 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlde. It is net dúdlik wêrom't it slachtoffer yn elkoar slein waard. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)