Besunigings treft apotekers

19 des 2002 - 00:00

Ien op de fiif Fryske apoteken giet fallyt as minister De Geus fan folkssûnens syn besunigingsplannen trochset. Dat seit wurdfierder Sasburg fan de Fryske Apotekersferiening.

De minister wol dat de apotekers tenei by de oanskaf fan nije medisinen gjin koartings en bonussen mear krije fan de fabrikanten fan genêsmiddels. It jild soe by de fersekeringsbedriuwen bedarje moatte. Dy moatte dan mei premy-ferleging komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)