Klachten oer nije frekwinsje

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân sil sa gau as mooglik mei de Nozema om tafel om oer de frekwinsjewiksel te praten. It radio- sinjaal kaam earder út Jirnsum, no út Smilde. Dêrtroch is benammen yn de noardwesthoeke de ûntfangst min. Mar ek út oare hoeken komme klachten.
De Nozema is ferantwurdlik foar de kwaliteit fan it sinjaal. Foar Omrop Fryslân binne promoasjeteams op paad om de nije frekwinsje bekender te meitsjen. Dat is 92.2 FM.