Yllegaal fjoerwurk oantroffen

© Omrop Fryslân
Seishûndert kilo yllegaal fjoerwurk hat de plysje woansdei fûn yn in garaazjeboks yn Ljouwert. Yn in hûs yn Stiens binne 75 bussen triengas en in partij nep-merkklean oantroffen. De plysje socht nei yllegaal fjoerwurk.
Al it guod is yn beslach nommen. Twa froulju (29 en 37) út Ljouwert en in Stienzer (40) binne oanhâlden. Hy sit noch fêst, de oaren mochten nei ferhoar nei hûs.