Fernijing Nyegea is klear

19 des 2002 - 00:00

De doarpsfernijing fan Nyegea is klear. Om slûpferkear en rappe riders te kearen binne diken ferlein en smeller makke. Der lizze nije stientsjes, der is mear iepenbier grien en der binne nije lantearnepeallen. Ek is in skieden rioelsysteem oanlein dat reinwetter fuort nei oerflaktewetter ôffiert.

It projekt hat oardelmiljoen euro koste. Neffens de foarsitter fan Pleatslik Belang is elk tefreden oer de doarpsfernijing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)