Nije dyk fan Marssum nei Stiens

© Omrop Fryslân
De provinsje wol oer in pear jier in nije dyk lizzen ha tusken Marssum en Stiens. De plannen foar de bettere ûntsluting fan Noard-Fryslân binne al yn kalk en semint. De kosten, santjin miljoen euro, wurde betelle troch de provinsje, gemeenten en de EU.
De doarpen ten noarden fan Ljouwert binne faak dreech te berikken. Benammen by Stiens steane faak lange files. Bedriuwen yn bygelyks Hallum ha dêr lêst fan by har eksport.