Nijbou provinsjehûs stiet faai

18 des 2002 - 00:00

De nijbou fan it provinsjehûs op it plak dêr't it gebou no stiet, giet miskien net troch. De provinsje wol fan de gemeente Ljouwert earst de garânsje dat der hûnderten parkearplakken by it gebou komme.

Koartlyn naam de provinsje it beslút om in nij gebou del te setten op de hjoeddeistige lokaasje. In tal steateleden twifelet lykwols oft it slagje sil om mear parkearromte by it gebou te krijen dan no it geal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)