Zwaga leveret SKS-titel yn

18 des 2002 - 00:00

De Ljouwerter skûtsjeskipper Ulbe Zwaga hat syn SKS-titel ynlevere. Sa hopet er foar te kommen dat de SKS him freed foar it libben skrast.

Zwaga waard in moanne lyn troch it bestjoer skrast fanwege fraude mei de boat en beledigjende útspraken. Freed prate de leden yn in ekstra gearkomste oer it skrassen fan de skipper. It ynleverjen fan de titel betsjut dat Snits no de iennige SKS-kampioen oer 2002 is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)