Renovaasje Vegelin kin begjinne

18 des 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert kin lang om let begjinne mei it opknappen fan de wyk Achter de Hoven/Vegelin. De ried is it iens wurden oer it útstel fan B en W oer hoe't it projekt betelle wurde moat.

By de plannen fan de renovaasje fan de wyk wienen grutte tekoarten, mar dêr is no in oplossing foar fûn. Yn jannewaris wurdt dúdlik oft de huzen yn de Achtste Vegelindwarsstraat ek by de renovaasje belutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)