Needfaksinaasje mei by tongblier

17 des 2002 - 00:00

It Europeesk Parlemint is yn prinsipe net mear tsjin it ynintsjen fan fee tsjin tongblier. As der in nije útbraak komt meie bisten yn in gebiet om it besmette bedriuw hinne faksinearre wurde tsjin mkz. It giet om saneamde need- of ringfaksinaasjes.

Yn it foar previntyf ynintsjen is net tastien. Lânbou-organisaasje NLTO en it CDA ha posityf reagearre op it plan fan it Europeesk Parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)