Skylge kin de Najade net misse

17 des 2002 - 00:00

De Skylger VVV en de eilanner ûndernimmers wolle de snelboat Najade fan rederij Doeksen net kwyt. Doeksen wol it skip ôfdanke, omdat de snelboat net út kin. Doeksen hie de boat kocht foar de ferhier oan selskippen en dêr wurdt mar kwalik gebrûk fan makke.

De Najade wurdt no allinnich ynset as oanfolling op de sneltsjinst. De VVV wol dat dat sa bliuwt en trunet der by Doeksen op oan om in plan te meitsjen om de Najade better út te baten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)