Besuniging treft ek COC en ABH

© Omrop Fryslân
Homobelangeorganisaasje COC kin de ynfowinkel yn Ljouwert net langer iepen hâlde. Fanwege besunigings op de WIW- en ID-banen is der in fakatuerestop. It COC kin no gjin ID'er oannimme om de ynformaasjewinkel te runnen. De meiwurker jout ûnder oare op skoallen foarljochting oer homoseksualiteit.
It Anna Blamanhûs (ABH) foar lesbyske froulju komt ek yn 'e problemen as ien fan 'e twa ID'ers fuortgiet. De banen wurde dan net mear opfold.