Oerterp wol gjin camping

© Omrop Fryslân
Oerterp is tsjin de komst fan in camping oan De Mersken. Omwenners tinke dat de kloften minsken en auto's it lânskip oantaaste. Sy fine stipe by de feriening Natuer en Miljeu dy't bang is foar bedrige fûgelsoarten. De saak kaam moandei foar de Rie fan Steate.
Oan de oare kant stiet de gemeente dy't de fergunning ferliend hat. Dy joech ta dat de lûdsnoarmen wol wat skerper kinne, mar de bedrige iisfûgel en tsjerkûle binne nea yn it gebiet sjoen.