Hoop foar Melkertbaners?

17 des 2002 - 00:00

In mearderheid fan de gemeenteried fan Ljouwert wol de besunigings op de WIW- en ID-banen nochris besjen. Wethâlder Brok makke moandei bekend dat der in fakatuerestop komt op de 'Melkertbanen' en dat tydlike banen net ferlingd wurde.

De PvdA makket beswier tsjin de maatregel, want der binne wol oare mooglikheden ta besuniging. De partij wol wachtsje oant it nije kabinet. De saak komt tiisdei oan 'e oarder yn it kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)