Stikelbestriding mislearre

16 des 2002 - 00:00

It Fryske Gea hâldt op mei de proef om stikels mei fergif te bestriden yn it Noarderleech by Marrum. De masine dy't dêrby brûkt wurdt, kin lang net oeral komme. Boppedat kostet it fergifjen safolle tiid dat it ûnbetelber wurdt. De stikels moatte derwei omt se it oare grien op it lân oerwoekerje. Boeren binne benaud dat it sied ek op harren lân komt en dat se derûnder komme te sitten. It Fryske Gea leit no in bufferzône fan 75 meter oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)